Efterbaks boek + updeet

Sjoch, dat hiele Facebook… It is eins foar efterbakse figueren, dy’t harren praatsjes rûnstruie, sûnder dat dejinge dêr’t it om giet it lêze kin. In prima medium dus foar Aapke de Vries. Mar… lykwols… Knilles kin it al lêze hear Aapke! Ek al hat it digi-Aapke my in blokkade oplein.

seedyksterfeartfisk: Oer de ynterpretaasje fan in gedicht fan Cornelis van der Wal
seedyksterfeartfisk.blogspot.com
Dat ‘fijân’ haw ik al in skoftke lyn fuorthelle. Myn grutste beswier wie de útdrukking ‘Jezus smoare’. Dat hat hielendal neat mei de strekking en de sfear fan it gedicht te krijen. De Vries slacht net allinnich de planke mis wat de ynterpretaasje oanbelanget, mar is ek frijwat leechlizzend, wat in g…
Leuk ·  · Diele
  • Ruurdtsje de Haan fynt dit leuk
  • Anne Tjerk Popkema Nijsgjirrich, ek de reaksjes. Der is in protte oerlaap tusken oersetten en ynterpretearjen, leau ik, en somtiden falle se sels folslein lyk.
  • Abe de Vries Ek wol aardich by de reaksjes wie dizze, fan Koos Tiemersma alias Froon Akker: “Dat Cor mei de sturt tusken de poaten útnaaid is (gjin tiid…) kin dan mar ien ding betsjutte: de dichter stiet mei de mûle fol tosken om’t der gjin ynterpretaasje is. Of oars sein, der binne wat op himsels nijsgjirrige wurden by inoar kwattele sûnder de assosjaasjes goed troch te tinken. Liket my net handich as je dichter wêze wolle.”

Tsja, it is wier, Koos (PVV) T. stiet bekend as in grut poëzij deskundige.

Sil wer fierder mei it doaske ynpakken!

  • Ruurdtsje de Haan fynt dit leuk
  • Anne Tjerk Popkema Nijsgjirrich, ek de reaksjes. Der is in protte oerlaap tusken oersetten en ynterpretearjen, leau ik, en somtiden falle se sels folslein lyk.
    2 oeren lyn · Leuk · 1
  • Abe de Vries Ek wol aardich by de reaksjes wie dizze, fan Koos Tiemersma alias Froon Akker: “Dat Cor mei de sturt tusken de poaten útnaaid is (gjin tiid…) kin dan mar ien ding betsjutte: de dichter stiet mei de mûle fol tosken om’t der gjin ynterpretaasje is. Of oars sein, der binne wat op himsels nijsgjirrige wurden by inoar kwattele sûnder de assosjaasjes goed troch te tinken. Liket my net handich as je dichter wêze wolle.”
  • Grytsje Kingma Dat fjild fan ynterpretaasjes liket wol in minefjild (mijnenveld).
  • Ids Talen Ik ha it earste diel van dyn ‘ferhaal/útlis’efkes lêzen Abe, mei nocht en niget mei ik wol sizze. Fan dat wat oft ik lies kin ik alteast der gjin spjeld tusken krije. Ergo: dan sil Cornelis van der Wal wol gewoan “ûndichter-lilk”… op dy wêze Abe; it alhiel net mei dy iens. Wol hiel spitich dat hy der no net mei dy oer yn petear wol. Soe in nijsgjirrich moai polemykje opsmite kinne.
  • Abe de Vries It tryste is, dat it hjir net iens om in polemyk hoegde te gean… ik jou in ynterpretaasje, en ik jou de grûnen oan wêrop’t dy ynterpretaasje basearre is. Likegoed is it in… ynterpretaasje. Miskien binne der ek wol oare ynterpretaasjes mooglik. Mar ynformaasje dêroer bleau achterwege…
  • Ids Talen En dêrmei hat neffens my de man eins in bytsje syn rjocht ferlern om krityk op dyn ynterpretaasje te hawwen. Hy koe sa moai de hiele krityk wjerlizze.., koe it foar eltsenien begrypelik meitsje en misferstânnen út de wei romje. No lit hy dy kans samar lizze… Soks kin ik dan net begripe. Do wol?
  • Abe de Vries Ik tink dat Froon Akker gelyk hie mei syn opmerking, hjirboppe.
  • Ids Talen Benammen dat lêste.. “Liket my net handich as je dichter wêze wolle” is deadlik foar in dichter..!

Dus, Ruurdtsje de Haan en Ids Talen fine dit leuk. Is notearre. Wurdt ferfolge!

Heden, Ids Talen skriuwt:

.s. En…, Cornelis van der Wal, as wat yn it iepenbier sein/skreaun wurdt kin it per definysje net “efterbaks” wêze hear. Dat jo moatte noch mar efkes goed neitinke…tink.

Bêste Ids. Facebook is net iepenbier. Ik kin net reagearje by Abe, om’t er my blokt hat. Mar ik kin it al lêze allegearre. Rara…

4
Leave a Reply

avatar
4 Comment threads
0 Thread replies
0 Followers
 
Most reacted comment
Hottest comment thread
3 Comment authors
RuurdtsjeGrutte PierKnilles Recent comment authors

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

  Subscribe  
Notify of
Ruurdtsje
Guest
Ruurdtsje

Ja, Ruurdtsje mei graach polemiken oer poëzy lêze. Yndie. En Fryske, dy komme net in soad foar.

Grutte Pier
Guest

De Aap komt út de mouwe, no.