It twadde diel

Ja minsken, Knilles hat wer taslein: ik bin de earste dy’t it twadde diel fan de Reve Bio by Tresoar liend hat. Fjouwer wike de tiid om him út te lêzen. Dat moat slagje!

In grut part fan dit boek spilet him ôf yn Greonterp, lykas bekind. Bin ek benijd wat der skreaun wurdt oer Reve syn ferhâlding mei de Fryske kultuer. Dêr wurdt nammers in lêzing oer hâlden meikoarten. Sil ik net hinne, ik fertoan my foarearst mar net yn it iepenbier…

Haw bakte rjappels mei Fisk iten.

[youtube]http://www.youtube.com/watch?v=c-QxpxCGWXk[/youtube]

Post a Comment

Your email is never published nor shared. Required fields are marked *