Eeltsje-Om en it prizejild

Ha goeie!

Ik woe jim earst mar ris wize op myn kollum op de side fan ensafh. Hy stiet hjirre.

En dan mar wer ris sitearje fan it Facebook fan in seker persoan. It is in reaksje fan Eeltsje Hettinga, jo witte wol, de broer fan de ferneamde dichter. Hjir komt er:

‘Bloei op dea hout, is dat nije letterebelied neamd. Dêrom is oan de deputearre fan kultuer ek ‘in Fedde’ weromjûn! Yn de fideo-opnamen oer Projekt-P, it troch Elske Schotanus oanslingere protest tsjin it provinsjale Letterenbelied, kinst sjen wa’t al en wa’t net oerein komt om it protestteken te meitsjen. De joviale skoudershuffers sitte mei de swarte, kreas poetste skuon neist de Autoriteiten en sjogge ferheard om har hinne dat oaren wól oerein doarre te kommen. Hoe’t soks útlein wurd moat? No sa: “(…) de striders foar it gemien belang / kut / as se noadich haste / dan blykt it eigenbelang / net ta it gemien belang te hearren / d.w.s. de mannen kinne gjin foardiel / út dyn saakje helje / dat bringt har neat tichter / by de begearde post” 
PS. In fleske wyn foar de earste dy’t even oanjout fan wa’t de oanhelle rigels hjirboppe binne?’

No, dat riedsel wie net sa dreech, en Hettinga hat hjir moai wis in punt. Mar, en dizze fraach waard my okkerlêsten ynflústere troch in kollega Frysk Dichter: hat Eeltsje-Om no neist it ynleverjen fan syn oarkonde ek syn prizejild weromjûn? Sa ja, dan graach in kopy fan it bankôfskrift. Want jo kinne wol in theatrale act foar de deputearre opfiere, mar as jo in bytsje prinsipiëel binne dan…

Just, jawol, soe Paulus Akkerman wol sizze.

Fedde Schurerpriis 1993 Cornelis van der Wal

Jûn meitsje ik wer in streksum waarm miel.

 

1
Leave a Reply

avatar
1 Comment threads
0 Thread replies
0 Followers
 
Most reacted comment
Hottest comment thread
1 Comment authors
Grutte Pier Recent comment authors

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

  Subscribe  
Notify of
Grutte Pier
Guest

De ien syn priis is net de oar syn brea, no.