Korrizjearjende koeke

Heden, heden. Eeltsje Hettinga giet hielendal los! Eeltsje, bist al op leeftyd, dat tink om de rikketik! It is in lyts wûnder oars, al dy leagens yn dat stikje, hoe krijst it foarinoar. It nivo sakket oars wol Hettinga, jo hiene dochs net in slokje fan it ien as oar op wol? Dat is net sa ferstannich, hear.

Fansels, Eeltsje is lilk wurden fanwege myn eardere blochkes, mei ûnder oaren de ûnthulling dat syn freondinne Elske Schotanus In kop as in almenak skreaun hat, ûnder it pseudonym Elske Hindriks. Ek wol wat lef hear, sa’n skûlnamme. Elske wie benaud dat ‘minsken aanst begjinne te seuren dat der fan alles net kloppet yn it boek.’  No minsken, jim kinne jim gong gean!

Wat dy leagens oanbelanget: fan slaan is my neat bekend. Der is gjin oanjefte dien, dat it sil allegear wol wat tafalle. Der sille wat skermutselingen fan beide kanten west hawwe. Minsken dy’t my kenne witte dat ik in man fan frede bin.

En dat ik stoppe bin mei myn kritiken foar it Deiblêd nei kommentaar fan E. Schotanus is te bespotlik foar wurden. Ik haw dat hiele stik fan har net iens lêzen… Dy minne styl… ik kom der net troch.

En no efkes oer Eeltsje sels. De man dy’t my dea hawwe woe, want dêr komt it op del. Dit skreau Hettinga yn de Moanne fan 2005: ”Faaks hie in betide dea, karakteristyk foar mannich swart-romantyske skriuwer of muzikant, dit dichterskip, dêr’t ferfal en dea net swak yn by spylje, better past.’ Om’t syn poëzij de besprekker net befalt, moat de dichter dea.

Dat is wol oare koeke as in eventueel lyts korrizjearjend tikje.

Ay, litte wy der fierder ek mar oer swije. It is in pathologysk gefal.

Jûn wer lekker ite mei Knilles

 

2
Leave a Reply

avatar
2 Comment threads
0 Thread replies
0 Followers
 
Most reacted comment
Hottest comment thread
2 Comment authors
Grutte PierDinie Recent comment authors

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

  Subscribe  
Notify of
Grutte Pier
Guest

It is wer neat as prûkefet en nullesmoar, no.

Dinie
Guest
Dinie

Komt dit fan dy man dy’t FUCK OFF rôp nei Pier B, doe’t hy him in compliment makke by de neisit fan de útfaarttsjinst fan syn broer? It komt op my wat theatraal en sneu oer. Mar as jo gjin ynhâldelik replyk ha, gripe jo nei leagens en projekty fan eigen gedrach op oaren. Komt my net hielendal frjemd foar… Jou my mar in stikje earlike gemberkoeke, ‘Corry’ hahaha! Helpt ek tsjin it spuien (en slaen 😉