In goed miel en in noflik petear

Ja hear, it is wer safier. De safolste alvestêdetocht. En dan no in literêren ien, betocht tocht de tige orizinele en kréative geasten fen… It Skriuwersboun. Jawis, itselde Boun dat yn alle talen swijt oer de staveringskwestje.

Ruurdtsje de Haan skriuwt: ‘Om yn foarm te bliuwen bringt Tryntsje alle dagen in besite oan in Frysk dichter of skriuwer om de ynwindige minsk te fersterkjen mei in goed miel en in noflik petear. Foar eltse gasthear of –frou sil se ûnderweis in passend presintsje meitsje yn foarm fan in hyt-fan-̓e-pinne-haiku. Wilens it miel wurdt der uteraard praat oer it earder wurk en de nijste projekten fan de skriuwers.’

Ik bin net thús hear Tryntsje!

Oh ja, om dochs nochris werom te kommen op dat protestbrief yn de Ljouwerter Krante: wêrom steane der mar sa’n pear nammen ûnder eins? Wa binne allegear frege om te ûndertekenjen? My is neat frege alteast, en dat jildt foar mear skriuwers, sa wit ik. It makket alsa in frijwat meagere yndruk.

Jûn waarmje ik bamy op.

8
Leave a Reply

avatar
8 Comment threads
0 Thread replies
0 Followers
 
Most reacted comment
Hottest comment thread
3 Comment authors
Jacobus Sminkjosse de haanGrutte Pier Recent comment authors

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

  Subscribe  
Notify of
Jacobus Smink
Guest

Goede Cor,

Wa bedjert no it feestje foar wa? Huub Mous flikte dit keunstke ek al yn in eardere ronde foar de Gysbert Japicx mei Albertina Soepboer. Ik fyn it not done tsjin har oer en flau nei dy ta. Goed dat Josse de Haan der wat fan seit en goed datsto der neat fan sein hast.

Grutte Pier
Guest

Jawis blinder, ús Goffe hat sich meislepe litte troch al dy famkes om him hinne. As tamboer-majoar moatsto dyn eigen tamboerstêf net te heach yn’e loft stekke, oars dan swaait der wat, no.

josse de haan
Guest
josse de haan

Jensma tocht dus dat er tamboer-maitre wie, en it rjocht hie de beide froulju fan de sjuery as trommelfamkes te behanneljen. Sokke famkes yn dy koarte wite rokjes dy’t yn de 50-er en 60-er jierren as majorettes it Fryske lân ûnfeilich makken.
Fan sokke prachtige majoretteskonken dreamt Jensma faaks noch elke nacht. Syn slip of the tosk hat te krijen mei it feit dat er gjin kâns krige by syn sjuerytrommelfamkes, en hy woe se dus no in loech ôfsjen. Dat is dochs dyn sizzen Hubertus?

Grutte Pier
Guest

It nije Provinsjehûs is net útwaseme, sa as it Frysk Museum. Dat is in grut ferskil. Mar nochris, it lek sit net yn it Provinsjehûs, mar yn de sjury sels en wol by de foarsitter. ‘Va pas prendre un tambour,’ sizze de Fransosen. Mar dat hat Goffe Jensma no krekt dien. Hy hat de tamboer pakt, want hy wie o sa bliid mei dit beslút. It is him ûntkomme oan de haech fan syn tosken, no.

josse de haan
Guest
josse de haan

Dit wurdt in saak foar de FBY, de Fryske Binnenlânske Ynljochtingstsjinst. It ûnderminet de leauwweardichheid fan de Provinsje Fryslân. Jo wurde kel fan sa’n lek, it besmoarget de status fan de priis. Faaks is it nije Provinsjehûs net lekfrij boud.

Grutte Pier
Guest

Ik ha gjin oardiel oer dit beslút. It beslút is nei bûten kommen en it is net foar it earst dat dit bart by de Gysbert. Ik wit ek net wêrom ik dit nijs altyt as earste fernimme moatte. It giet sa as it giet yn dit Fryske lân. Lekken liket in Frysk fenomeen te wurde, no.

josse de haan
Guest
josse de haan

Ast gelyk hast Huub, dan hat it te krijen mei de kwaliteit fan it wurk fan Albertina Soepboer – dy is heel heech.
Oft se learling west hat fan Jensma kin gjin rol spylje. Boppedat sille de twa froulike sjueryleden har net troch Jensma ûnderskoffelje litte. As Jensma lekt hat moat er him opnimme litte.

Grutte Pier
Guest

As webmaster fan Ensafh hasto de hype fan de dei mist. Albertina Soepboer hat de Gysbert !!! It is wier sa wier as ik libje. Tsead Bruinja net. Eeltje Hettinga net. Eppie Dam net. Elmar Kuiper net.

Ek Knilles net !!!

ALBERTINA HAT DE GYSBERT !!!

En it lek is Goffe Jensma !!!

Read my lips !!!

Do bist in sukkel, no !