Foaroardielen kado

Ha! De Moanne fan It Fryske Boek liket al wat op gleed te reitsjen. Ik lies û.o.:  ‘De Moanne fan it Fryske Boek 2013 giet fan start mei it Boekefeest op freed 13 septimber yn de foarm fan ‘Zomergasten’. Earegeasten binne de skriuwers fan it Kado- en Aksjeboek; Atte Jongstra en Caja Cazemier.’

Eigenaardich, ferline jier wie Atte Jongstra ek al útnoege en doch mei oan dit literêre evenemint en no wer.  Sterker noch: ús Atte skriuwt dus ek it Kadoboek. Net yn it Frysk, dat behearsket er net. Sterker noch: tidens de optredens by Ekspedysje Laaksum krige ik de yndruk dat Jongstra mar wat delseach op de Fryske literatuer, al fûn er myn gedichten wol hiel goed, sa sei er. Mar ja, eh …

Faaks komt Atte ta in oar ynsjoch, jo witte it net. It sil mei foaroardielen te krijen hawwe. It kin ek noch sa wêze dat myn yndruk in ferkeardenien wie, it komt foar.

Waarmje jûn makaroany op.

 

2
Leave a Reply

avatar
2 Comment threads
0 Thread replies
0 Followers
 
Most reacted comment
Hottest comment thread
2 Comment authors
⋒Grutte Pier Recent comment authors

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

  Subscribe  
Notify of
⋒
Guest

Κάντε ειρωνεία

Grutte Pier
Guest

γνῶθι σεαυτόν , no