Oersette Hollânsk ==> Frysk: tiidfergriemerij

Nee, ik doel net op offisjele, ambtlike teksten. Dy hearre yn it Frysk beskikber te wêzen.

Ik haw it oer literêre teksten. Lykas dit gedicht fan Martin Reints, oerset troch Eeltsje Hettinga. Literêre oersettingen hawwe neffens my as doel de oarspronklike tekst begrypliker te meitsjen foar de lêzer dy’t it orizjineel net hielendal folgje kin.

Dat jildt dus net foar Hollânske teksten.

Punt.

Guon dy’t dêr mei dwaande binne fergrieme mei sok gefröbel harren kostbere tiid. Lit dy Hettinga ris mei wat betters komme!  Ik fyn it nammers ek hielendal neat, dy poëzij fan Martin Reints.

Nee, dan Emily Dickinson! Klaas van der Hoek hat in yndrukwekkende searje oersettingen op syn bloch delsetten.

Punt.

Waarmje bakje iten op aansens.

Leave a Reply

avatar

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

  Subscribe  
Notify of