Hmmm… Ik siet al wat mei de eagen te knipperjen doe’t ik dizze folder fan Opera Spanga lies: ‘De Friese Holtenius ziet de aanwezigheid van buitenlanders als oorzaak voor de ondergang van zijn boerenbedrijf. Hij wil niets te maken hebben met de liefde van zijn zoon Romeo voor de Noord-Afikaanse Julia.’ En sa fierder.
Is dat net… in bytsje stigmatisearjend? Binne alle Friezen soms op bûtenlanners tsjin? My tinkt fan net. Ik sil der mar net hinne, temear om’t my al dat gegriem mei dy ferskate komponisten ek net noasket. Fier dan in komplete opera út!
Seane rjappels mei reade koal en slafink.
Comments 1