Objektiviteit, kenne jo dy útdrukking?

‘Wa’t it ek mar wurde mei, myn bewûndering foar ús dichters groeit lêzendewei mei de dei!’ Dat skreau Gysbert sjuerylid Jantsje Post op 21 Maart op de Facebookside fan Abe de Vries. Mei oare wurden: ús Jantsje lêst ‘us dichters’ foar it earst…

Wat kin de reden west hawwe om sa’n, litte wy freonlik bliuwe, ûnbeskreaun blêd yn de sjuery fan de wichtichste literêre priis fan Fryslân te parkearjen? Is it net folle better om minsken fan bûten Fryslân te freegjen, sa’t in âlde, wize Fryske skriuwer (jawis, dy besteane!) my lêst ek al meelde?

Oer freonlik sprutsen: ús Jantsje is ek wol híél aardich foar nominearre dichter Abe de Vries… Hast krekt sa aardich as dat oare sjuerylid… Jantsje fynt hast alles ‘leuk’ wat Abe delkwattelet op FB. En se skriuwt ek earne op Hassesboek dat har heit Abe syn kollums sa prachtich fynt.

Jantsje fynt ‘Sprankeskyn’ ek ‘leuk’.

Soe it net in goed idee wêze dat sjueryleden harsels in bytsje ôfsidich hâlde wat komplimintsjes nei priiskandidaten oanbelanget?

Mar ik werhelje: it boppesteande wol gjin negatyf oardiel wêze oer de list fan nominearren, útsein dejingen dy’t ferstoarn binne en dejingen dy’t de GJP al earder krigen hawwe. Dat hie net moatten.

Jûn eat fan makaroany tink.

 

5
Leave a Reply

avatar
5 Comment threads
0 Thread replies
0 Followers
 
Most reacted comment
Hottest comment thread
3 Comment authors
KnillesGrutte Pieranne popkema Recent comment authors

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

  Subscribe  
Notify of
Grutte Pier
Guest

Der binne twa soarte Fryske dichters: gewoane Fryske dichters en Fryske krûpdichters. Om George Orwell te parafrasearje: ‘Alle Fryske dichters binne gelyk, mar guon Fryske dichters binne mear gelyk dan oare Fryske dichters, no.’

Knilles
Guest
Knilles

Ha goeie!

Ja, dat is earder foarkommen, de GJP foar deselde skriuwer. Ik fyn dat soks de status fan de priis nei ûnderen hellet, it wurdt sa minder unyk. En de GJP kin ek foar in oeuvre wêze, mar dat kin mar ien kear. Nim ik oan alteast!

Grutte Pier
Guest

Twa kear de Gysbert takenne oan deselde dichter is alris earder bart. En gesjoemel yn de sjuery is ek alris earder bart, bygelyks yn 2005 troch Michaël Zeeman. God hawwe syn siel, no.

anne popkema
Guest

(ik sil dy fêst it gers foar de fuotten weimeane: dat sis ik net om’t ik tafallich in kear in pryske wûn ha) 😉

anne popkema
Guest

Knilles!
Ik stim dy mei dat ferstoarne skriwuers net nominearre wurde moatte. Mar wêrom soe ien de GJ net twa kear winne meie? As ien kenlik sa bot boppe de rest útstekt, mei dat beleanne wurde.
En yndie: op syn minst ien fan de sjueryleden moat fan bûten Fryslân komme, alteast gjin aktyf dielnimmer yn it Frysk-literêre fjild wêze. Mar ja, hoe sei Elsschot dat hast ek alwer…
Lekker ite.