Wat seit Jantsje?

Fan it Faceboekje fan Abe de V.

Jantsje Post (o nee, ik moat net samar tomkes sette by dichters en byleaven net by nominearre dichters, oars krij ‘k er kommentaar fan Knilles) Mar, it hiele libben is ien grut gedocht, dochs, Abe? Nettemin: moai dato ek dines dêr wer ta bydraachst op dizze wize  ‘all busy in the sunlight’ om mei Cohen te sprekken…

Ik hie it al ris earder oer frou Post har diskutabele reaksjes op Abe de V. It is dizze publikaasje dêr’t se op tsjut.

Bêste Jantsje! Jo meie om my safolle tomkes omheech stekke as dat jo nedich achtsje. Smyt en stryk gerêst mei slym en sjerp!

Mar wolle jo serieus nommen wurde as sjuerylid fan de wichtichste Fryske literêre Priis, dan past it jo better en doch soks net salang de winner noch net bekend makke is.

Net allinnich jo… litte wy sizze net al te professjoneel gedrach op Facebook yn dit stik fan saken, mar ek jo ûnbekendheid mei de hjoeddeiske Fryske poëzij toant mar ris wer oan dat foar guon minsken de Gysbert, nee de hiele Fryske Literatuer in net al te serieus te nimmen saak is.

De Gysbert 2013 is besmet.

Ik haw bamy iten. Amen.

0 0 vote
Article Rating
Subscribe
Notify of
guest

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

4 Comments
Inline Feedbacks
View all comments
Dinie
8 years ago

Hokker tomke bedoele jo, Grutte Pier…?

Grutte Pier
8 years ago

Dochs net dat oare tomke, no?

Dinie
8 years ago

Tomke omheech!

Grutte Pier
8 years ago

Bisto no ris klear mei dat aapke? It wurdt in bytsje ferfeelsom, no.