Oan de hear Bert Looper, direkteur Tresoar
Bêste hear Looper,
dit jier fersoarget Tresoar foar de earste kear de organanisaasje fan de wichtichste literêre priis fan Fryslân: de Gysbert Japicxpriis. Foar it earst ek wurdt der mei nominaasjes wurke.
Ien fan de sân nominearren is de dichter Abe de Vries. De hear De Vries is neist dichter û.o. ek in aktyf dielnimmer oan it sosjale netwurk Facebook. Ien fan De Vries syn ‘freonen’ op dit netwurk is Jantsje Post. Frou Post makket, sa’t jo fansels witte, diel út fan de kommisje fan trije sjueryleden dy’t bepale sil wa’t dit jier de ‘Gysbert’ yn ûntfangst nimme mei.
As ûnôfhinklik blogger, en as sadanich stjoer ik jo dit brief, haw ik krityk levere op it feit dat frou Post har op Facebook, wat de hear De Vries oanbelanget, net bepaald objektyf opstelt. Ik skreau ûnder oaren: ‘ús Jantsje is ek wol híél aardich foar nominearre dichter Abe de Vries… ‘Jantsje fynt hast alles ‘leuk’ wat Abe delkwattelet op FB. En se skriuwt ek earne op Hassesboek dat har heit Abe syn kollums sa prachtich fynt.’
It is fansels hiel moai foar de hear De Vries dat er sokke positive feedback op syn skriuwen kriget, mar fine jo ek net dat it in sjuerylid past en nim (tydlik) wat ôfstân fan it literêre fjild? Fine jo it in goede saak dat in sjuerylid yn it iepenbier har freonskip en bewûndering foar ien fan de tsien nominearre kandidaten foar de ‘Gysbert’ útdraacht?
En wat tinkt jo fan it feit dat frou Post, konfrontearre mei myn krityk, reagearret mei in mislediging, v/d Kwal, oan it adres fan ûnderskreaune? Fine jo soks passen by de weardichheid dy’t dizze wichtichste literêre priis fan Fryslân útstriele moat? Is dit sjuerylid eins noch wol te hanthavenjen?
Mei freonlike groetnis en yn ôfwachting fan jo reaksje:
Cornelis van der Wal, Ljouwert.
Comments 1