No, niiskrekt dan einlings antwurd krigen fan Bert Looper, fan Tresoar. Syn skriuwen komt der op del dat er Facebook net as iepenbier tagonklik beskôget en dat er dêrom net yngripe kin, wat de misledigingen en it oare wangedrach fan it GJP sjuerylid Jantsje Post oanbelanget.
In ûnbefredigjend antwurd, dat seit himsels. Ik haw ommers kopieën meilevere fan frou Post har teksten. Mar sa’t ik al skreau: yn Fryslân fine wy it hiel gewoan, sokke freontsjespolityk. Dit sjuerylid wurdt de hân boppe de holle hâlden, safolle is dúdlik. Ik hie nammers ek net oars ferwachte.
Dizze priis is, ik sis it nochris, besmet.
Comments 1