Legimitatie mei slaad

In oerke lyn nei it stimburo west, yndied, om te stimmen. Stimburo nûmer 1, yn it Gemeentehûs fan Snits. Dat is wer ris wat oars as yn in rudich âld skoaltsje of tsjerkje, in lokaasje op stân, mei’k wol sizze. En wat hat it mantsje stimd? It is gjin geheim: op Jan de Wit fan de SP, in fatsoenlik man. En dat fansels om’t de FNP net meidocht…

Hiel aardich: it stimburomantsje frege om myn ‘legimitatie’. Gjin skriuwflaterke oan dizze kant.

Bin oars al benijd nei de útslach, de opblaasde podde fan de VVD moat perfoarst gjin premier wurde, dan noch folle leaver ‘hakkelaar’ Cohen. It wurdt wer in lange nacht tv sjen, soks giet ôf fan myn kulturele en okkulte wurksumheden, mar dat moat dan mar.

Sil jûn pankoeken mei swarma en slaad ite. Ja, dat kin hiel goed tegearre, mefrou.

Leave a Reply

avatar

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

  Subscribe  
Notify of