In moaie djippe stim

Hee, dit seach ik niiskrekt foar it earst. Mar better let as net.

Albertina Soepboer op de side fan Frysk & Frij…

‘Dan is it skoft. Mei in hele protte lekkere hapkes en drankjes. De minske kin ek wol wat oar iten brûke op sa’n middei. Sa binne wy yn ’e kâlde wyn op it tsjerkhôf wat ûnwennich en klommerjend oan it iten en it drinken. Oant wy de tsjerke wer yn kinne en wer sjonge meie. Neist my yn ’e tsjerkebank dûkt no kollega-dichter Cornelis van der Wal op. It oargel set yn en wy sjonge it gesang ‘De Hear is myn hoeder’ as wie it deistige kost. Cornelis hat in moaie djippe stim en ik tink oan lang lyn, yn tsjerken fol stof en stimmen, oan dingen dy’t ik my eins kwalik herinnerje kin. En dan ferskynt Matty de Vries mei har twatalige débutbondel WAKKERweromsjen. Har fersen nimme ús mei nei in oare tiid ta, mar wol op sa’n manier dat dy tiid oan te reitsjen is, nei te kommen falt.’

Sil jûn lekker ite.

0 0 votes
Article Rating
Subscribe
Notify of
guest

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

2 Comments
Inline Feedbacks
View all comments
josse de haan
josse de haan
9 years ago

Albertina hat in moaie ympresje skreaun – dêr’t foaral it aspekt ite en drinke op it tsjerkhôf my oansprekt. Dit is hast in fers fan Octavio Paz, de surrealist pur sang.

Grutte Pier
9 years ago

Ik haw it altiid al sein, jimme passe wol by inoar. Albertina van der Wal harket ek folle better, no.

2
0
Would love your thoughts, please comment.x
()
x