Buchmesse: skriuwers witte fan neat

Wat ik no wer heard haw… It komt út tige betroubere boarne, mar dy boarne jou ik leaver net priis.

Fan 9 oant 13 Oktober wurdt de Frankfurter Buchmesse hâlden. Der sille ek Fryske skriuwers hinne, sa’t jo witte. En jo witte ek dat de kar fan Alpita de Jong net by elkenien yn goede ierde fallen is.

Mar wat is der te rêden? Neffens myn ynformant hawwe de Fryske skriuwers noch hielendal neat heard oer wannear’t se dêr wêze moatte, neat heard oer hokker oersettingen der brûkt wurde sille, neat heard oer wat no krekt fan har ferwachte wurdt…

Is it net in bytsje koart dei, bêste organisaasje? Ik bedoel dus: Tresoar? Hie dat net folle earder wêze moatten, dat gearstallen fan dy list? Ik freegje mar, hear. Yn elts gefal haw ik it idee dat it amateurisme wer foar master opslacht.

Jûn seane rjappels mei prei und Schnitzel

0 0 vote
Article Rating
Subscribe
Notify of
guest

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

5 Comments
Inline Feedbacks
View all comments
Knilles
Knilles
8 years ago

Ik nim oan dat er smakke Sjieuwe, it is in moai skoft lyn…

sjieuwe borger
sjieuwe borger
8 years ago

en smakke de schnitzel?

to/bis
to/bis
8 years ago

wer wêze

Grutte Pier
8 years ago

Wêr bisto?

Grutte Pier
8 years ago

It hat altiid sa west en it sil altiid sa bliuwe. De tiid hâldt gjin skoft. Fan it konsert fan it libben krijet nimmen it program. It bêste stik hûsried is in goed wiif. Ensafuorthinne….. Ensafuorthinne….. It is wer om te gûle, no.