Gjin sulveren #twicht mear?

Heden hitsken, wat is der no wer by Tresoar te rêden? No krekt 14 dagen lyn stelde ik op Twitter de fraach oft der der jier ek wer in Sulveren Twichtwedstryd komt. Ik krige dit antwurd fan @Tresoar:

Jawis @Knilless en @fryskfrommes noch in pear dagen geduld, dan geane wy wer los mei de #twicht

De pear dagen binne in pear wiken wurden… Soene se dêr benaud wêze dat ik it spjeldsje noch in kear winne sil? Want ik haw drige om wer mei te dwaan, mar no ûnder in skûlnamme… Se binne yn elts gefal tige let dit jier.

No dan, faaks wie dit dan de alderlêste winnende #twicht:

fisker smookt en skriuwt mei fingers fan reek/in antlit op de sakjende sinne/wolkens triuwe read ljocht/dea yn it wetter

 

Haw makaroany opwaarme, foar de fjirde kear. Lekkel!

2
Leave a Reply

avatar
2 Comment threads
0 Thread replies
0 Followers
 
Most reacted comment
Hottest comment thread
2 Comment authors
#woGrutte Pier Recent comment authors

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

  Subscribe  
Notify of
#wo
Guest
#wo

en nimmen #witterende fan, nich#.

Grutte Pier
Guest

In twitterende Fryske dichter is as in chattende Grutte Pier, no.