No sjoch ris oan, Ljouwert wurdt Kulturele Haadstêd. Dat hat fansels alles te krijen mei it feit dat Knilles wer yn syn bertestêd wennet. Nee, grapke fansels, mar ien as -dêr hast him wer- Abe de Vries mient al dat er heechstpersoanlik ferantwurdlik is foar dizze útferkiezing.
It wiene krekt figueren as Abe en loftfytser Henk Keizer dy’t der foar soargen dat ik in wjersin tsjin KH2018 krige. En fansels dy soap om de fraach oft Fryslân in stêd wie of in provinsje.
Hoe giet it mei Henk Keizer eins? Kriget er noch sintsjes fan de Provinsje? Is er noch skoaltsjesiik?
Mar no: de skouders derûnder en meitsje der in grut feest fan! En, dêryn hat Abe al gelyk: ferjit de Fryske taal net!
Ik helje jûn wer ien of oar bakje út it friesfek.
Comments 1