ensafheest 04-10-13

Freed oankommende is it Fryske boekebal. Dat witte jim. Wat jimme lykwols net witte, is dat dat in opwarmerke is foar in noch moaier feest, nl. it ensafhfeest. Ja, ja, no’t ús haadstêd  in kulturele boppeslach makke hat, of skynt te hawwen (dat lit ik oan elkenien sels oer) hawwe wy by de redaksje ek mar alle beskiedenheid oerboard kipere.

ensafheest2013 (1)

Poëzij en geweldige muzyk fan knallers as Rob du Jardin (eks-altfioelspiler fan it Konsertgebou-orkest) en Hans de Wild http://cityjazzleeuwarden.nl/artiest/hans-de-wild/

en it altiten wer nijsgjirrige Tsjinlûd http://www.tsjinlud.nl/

smite neffens ús in geweldige feest op.

Dat sa: wy hoopje jimme te moetsjen op 4 oktober yn Romein en as der minsken binne, dy’t ús helpe wolle mei de publisiteit; graach. Facebook, Twitter wat ek mar, gien dyn gong mar.

1
Leave a Reply

avatar
1 Comment threads
0 Thread replies
0 Followers
 
Most reacted comment
Hottest comment thread
1 Comment authors
Grutte Pier Recent comment authors

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

  Subscribe  
Notify of
Grutte Pier
Guest

Fh? Fh?… Wat is dat, in fheest? Ensafheest is net in feest fan Ensafh, no.