L.S.
Tige tank foar de útnoeging om de útrikking fan de Gysbert Japicxpriis 2013 by te wenjen.
Lykwols: ik kom net.
Yn it foarste plak omdat ien fan de sjueryleden it nedich fûn om my út te skellen op Facebook. Jantsje Post mei har ‘Van der Kwal’.
Ik mien fierders dat de sjuery net kompetint is en beoardielje moderne poëzij.
In folgjend beswier is de oanwêzigens fan de hear Apotheker, boargemaster fan de gemeente Súdwest-Fryslân. Apotheker hat my sawat in jier lyn nei de Sosjale Wurkpleats stjoerd, omdat ik in bystânsútkearing oanfrege hie. Dêr moasten ik en myn lotgenoaten ûnder oaren smoarge (stront) waskhantsjes sortearje.
Mei heechachting: Cornelis van der Wal
Ah, wachtsje efkes. Ik begryp it. Ja yndied, do hiest de namme ‘Van der Kwal’ betocht.
Tige orizjineel oars, dat hearde ik op de legere skoalle al. En frou Post naam dat skeldwurd oer. En hat my dus ek útskolden.
Ha goeie Abe! Ik begryp net rjocht watst bedoelst. Dit liket my net in reaksje op boppesteande tekst… Bist tink wat yn ‘e beane. Sterkte!
Spitich datst net allinnich net neitinke mar ek net lêze kinst. Moatst de oanbelangjende tekstkes op Facebook noch mar efkes better besjen. Ik ha net graach dat myn fynsten in oar yn de skuon skood wurde, sjoch.