It nije Bamymuseum

Ja, ik hie ek in útnoeging krige foar de besichtiging fan it nije Fries Museum. No bin ik net sa’n grut kenner fan de byldzjende keunst, literatuer en muzyk komme earst.

Ik fûn it net ûnaardich, it nije museum, mar haw ek neat ferrassends sjoen, wat de kolleksje oanbelanget. En dy treppen binne yndied al wat grizelich.

Wat de Fryske taal oanbelanget… de húskes hawwe Fryske oantsjuttingen. Soe dêr in filosofy efter sitte? Wy moatte mar hoopje fan net.

foto (2)

 

Der moat ek in rigel fan my te bewûnderjen wêze, projektearre op de muorre. Ik haw him net fine kind.

Tsjinkommen bin ik û.o. Willem Abma, Huub Mous en noch folle mear kunden. Ik haw twa gleskes reade wyn hân, en bin gau wer útnaaid.

foto (5)

By de útgong trof ik Abe de Vries, dy’t efkes bûten smoke moast. Ik frege oft er al senuweftich wie foar moarn, de Boekejûn. ‘Nee, dy (Gysbert Japicx-) priis krij ik dochs net’, wie it antwurd.

Dêr hâlde wy Abe oan!

Bamy

 

 

 

 

Comments 3