100 gûne foar in fiskje

Jawis, ik sjoch it fuotbaljen ek, mar oant no ta lang net alle wedstriden, dy fan Oranje fansels al. Bin oars noch net sa bot yn ‘e stimming.

Al wer oan it skriuwen, resinsjewurk ek wer oppakt. Dichtsjen giet hiel treflik, meikoarten wurdt der wer wat publisearre.

Ek Jelle van der Meulen fynt it skande dat Johanneke Liemburg har Schurer-boek net yn it Frysk skreaun is. Jelle hat gelyk, want dat fyn ik ek. Dus.

Bin sels noch yn de Reve-bio dwaande. Jo wurde yndied wolris wat wurch fan it opneamen fan al dy seksuele aventoeren fan Reve. Oan de oare kant: wat in potinsje moat de man hân hawwe!

Pier Boorsma komt ek noch efkes yn it boek foar. Yn in fuotnoat, dat al. Ik haw him efkes skille, mar hy wist neat mear fan in brief dy’t er nei Reve stjoerd hie. Dat gie oer it honorarium fan de poëzijmanifestaasje yn de Harmonie. Letter die bliken dat de Nederlânsktalige dichters 100,- gûne krigen en de Frysktaligen f l 25,-… Dat moatte se no net mear weagje…

Bak jûn rjappels op en in fiskje. Mei slaad.

Leave a Reply

avatar

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

  Subscribe  
Notify of