Op freed 4 oktober oansteande wurdt tidens it ensafheest II de AnCopriis 2011 útrikt oan Jacobus Q. Smink. Better let as net.
De AnCopriis is in ûnregelmjittich takend earbewiis oan in Fryske kulturele gigant. Eardere priiswinners wiene ûnder oare: Chrétien Breukers en Pieter de Groot. De sjueryleden binne Anne Feddema en Cornelis van der Wal
De priis bestiet út in glês bier (as fris), in gehakbal (as tosty), in gedicht fan Cornelis van der Wal en in skilderij fan Anne Feddema.
Wy hoopje dat jo dit plechtich barren meimeitsje wolle.
www.ensafh.nl
Post a Comment