Sportklup It Hearrenfean en de Fryske identiteit

Der is wat opskuor om in spandoek fan Cambuursupporters, sa’t dat te bewûnderjen wie tidens de wedstryd It Fean-Cambuur fan ôfrûne snein. Ek de Hollânske flagge noaske in soad djipfriezen net.

Dat it gewoan provokaasje en pleagjen fan de Cambuurmantsjes is, ûntgiet dizze lju folslein.

Ik bin berne yn Ljouwert, en wenje hjir no ek wer. Alsa bin ik foar Cambuur, neat oan te dwaan. Dat woe ik earst mar efkes dúdlik stelle.

Ik sitearje Rommert Tjeerdsma op syn Facebook:

‘Stel, jo binne hikke en tein yn Fryslân. Jo heit is der berne, jo pake en oerpake ensfh.
Sterker noch, jo wenje yn de Fryske haadstêd. No is der op in moaie snein yn in oar Frysk plak in balskopwedstriid. Balskoppen dêr hâlde jo fan. Jo teare dêr in grut spandoek iepen dêr’t mei grutte letters opkalke stiet: ANTI FRIES. Jo sizze dus yn feite: ‘Ik haatsje mysels of ik bin tsjin mysels.’

Man, wyn dy net sa op! Dat is ommers in reaksje op it Fryske Flaggefertoan fan de Feansters… Wat jout in balskopklupke út it Fean it rjocht en sjong it Frysk folksliet yn harren stadion? Wat moatte dy pompeblêden op harren shirt? Mei hokker rjocht eigenet dit klupke har de Fryske identiteit ta? Wat in mislike arrogânsje!

jûn bakje iten opwaarmje.

 

Comments 1