Sutelige Abe

It is wer ris safier: Abe de V. skriuwt in bloch en hellet it efkes letter wer fuort. Ik kin it spitigernôch net werom helje, it hat der net lang genôch opstien om yn de ‘feeds’ te bedarjen. Sa’t ik út ûndersteande konversaasje op Facebook begryp, mislediget en beskuldiget Abe de goedwollende minsken fan de spontaan ûntstiene Kroade-aksje fan it net opnimmen wollen fan syn noch te ferskinen Dan Brown oersetting yn de kroade. En de kroademinsken dogge oan selsferriking, fynt Abe de V. Hoe leech kinne jo sakje.

 

Mar al moai dat it no foar guon Abe-adepten ek dúdlik wurdt mei hokfoar persoan wy hjir no eins te krijen hawwe.

 

Sitaten fan Facebook:

Martsje de Jong Dit falt my fan dy ôf. A: it hat net in dei stil west, wy hiene it der justerjûn oer en fannemoarn ha wy as sutelgroep mei elkoar besluten dat ik foarbarich reagearre hie, om ‘t der grif mear binne dy ‘t in boek hast ôf ha, mar dat net mei kin yn ‘e kroade. Doe ha wy besluten om dan hielendal gjin foarynskriuwing te dwaan. Dat hat neat fan dwaan mei benaudens foar Dan Brown en al hielendal net mei benaudens foar dyn oersetting. Dyn teannen binne lang. Dat witte wy. Mar it wurdt stadichoan ûnmooglik om dêrom hinne te springen, it is grif raak. Skande. Jeist de hiele brot wer yn it harnas en dat hasto dochs oars net nedich, liket my.
hast in oere lyn · Leuk · 1

Martsje de Jong En is der ek in B? Nee. Ik sis A, gjin B dit kear.
hast in oere lyn · Leuk

Martsje de Jong En do nimst godverdomme as de soademiter dy wurden werom fan dat it foar eigen sinteraasje is. Want dat fyn ik wol de minste, mislikste opmerking dy ‘st meitsje kinst. Do witst dat it sa net sit. Mar goed, wy stjoere wol in kaart as wy mei syn allen grou te potfertarren binne.
hast in oere lyn · Leuk

Abe de Vries Winkels kinne ek ideëel wêze, Martsje. Elk kiest de winkel dy’t er hawwe wol. Dus it is yndie fier fan my om sinteraasje hjir sintraal te setten.
hast in oere lyn · Leuk

Abe de Vries Fierder hie ik tocht dat de organisaasje sa profesjoneel wêze soe en regelje by de partisipearjende útjouwers (de ferneamde stichtig Boeken fan Fryslân) bestellisten fan wat der tusken 9 novimber en sis 10 desimber noch ferskynt, en dat sil safolle net wêze.
hast in oere lyn · Leuk

Anne Tjerk Popkema neffens my is dyn idee fan in ynternasjonale bestseller as periodyk boekewikegeskink yn it ferkearde kielsgat sketten, en that’s it. dy sutelaksje moatst hjirbûten litte, abe, dy is grutter as allinne guon fan de meidoggers dy’t tafallich wat sein ha o…See More
54 minuten lyn · Leuk

Anne Tjerk Popkema abe, dit is net hielendal fair. dizze minsken dogge har uterste bêst om it sa knap mooglik te regeljen allegearre, yn no time, yn de frije tiid, onbezoldigd en mei it hert foar it Frysk op it goede plak. moatst sjen wat se al teweech brocht ha. it binne gjin profesjonals op it stik fan boekferkeap, dat meist se dan ek net oanwriuwe. jou gewoan in tip om sokke listen op te freegjen, of doch it sels, nim it mei op 9 novimber en kom gewoan te boeksuteljen. net sa seure.
42 minuten lyn · Leuk · 1

Abe de Vries Goed, ik ha it der ôfhelle.
34 minuten lyn · Leuk

Anne Tjerk Popkema Hatsee, dat liket derop, Abe. “Blessed is the peacemaker, for he can be called a child of God” (Don Altobello, The Godfather, Part III)
24 minuten lyn · Leuk

 

Leave a Reply

avatar

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

  Subscribe  
Notify of