Duo is de rêding

No, de plannen foar de Moanne fan it Fryske Boek binne ek bekind. Jo seine? Nee, Knilles is net útnoege, mar dat kin noch komme, al betwifelje ik dat. Se hawwe fansels leaver in stikmannich kreaze jonge fammen of kante jonge feinten dy’t yn ‘e mikrofoans flybje.

Dus,  dit moat de Fryske Literatuer rêde. Lit ik net al te negatyf wêze, want wa’t der no krekt allegear optrede, foarlêze of keunstfluitsje sille is noch net bekind makke. Elske de Wall skynt wolaardige muzyk te meitsjen. En dy achternamme is hast goed, noch in bytsje oan slypje. Fierders sille it wol wer de bekinde trûbadoers en Fryske vuvuzela’s wêze.

Minsken: meitsje it asjeblyft net wer sa âldfrinzich! Wêrom wurdt in top-act as Duo von Däniken hieltyd oerslein? Ik neam mar wat.

Haw stampot woartels en sipels iten mit Schnitzel.

Skiterij.

Post a Comment

Your email is never published nor shared. Required fields are marked *