Sosjale Curtis

Op it stuit bin ik dwaande mei de biografy fan Ian Curtis, fan Joy Division, skreaun troch syn widdo, Deborah Curtis. Stilistysk (ja, dêr hast him wer) net sa’n heechfleander, mar al tige nijsgjirrich. Bin noch net sa hiele fier, mar ik wit fansels al hoe’t it ôfrint mei Curtis. Net sa’n symphatyk persoan is myn yndruk. Mar dat jout neat. Dy twa elpee’s binne goud wurdich. Wat my in bytsje ferbjustere is it feit dat Ian altyd foar de Conservatives stimde. Past eins net yn it byld dat ik fan him hie.

En wat sil Knilles stimme woansdei? Dochs mar FNP? Dy soene sosjaal sjoen wol wat mear de linkerkant opsykje kinne, is myn miening, mar foar de rest bin ik it der wol aardich mei iens.

Dus.

Makaroany mei eartsjes en fisk iten.

 

Leave a Reply

avatar

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

  Subscribe  
Notify of