It Kulturele Tydskrift

Heden, alwer in nije Moanne yn ‘e bus. En ik hie de foarige mar foar in part besprutsen. No ja, it gie foar it grutste part oer WO II, in ûnderwerp dat no mar ris ôfsletten wurde moat. Of sis ik wer wat ferkeards? Dat moat dan mar.

Efkes gau troch it Kulturele Tydskrift blêdzje. Stiet der ek wat literatuer yn? Jawis, poëzij fan Anne Feddema, altyd goed. Ek altyd goed is Hidde Boersma. Fierders gjin besprekken of soksawat.  Ik haw út betroubere boarne fernommen dat Elske Schotanus oan kant setten is by de Moanne. Ik hoopje mar dat it wier is.

Fierders liket it blêd my oersaai ta. Mar ik sil ris fierder blêdzje. Oare kear kear faaks mear.

Haw bakte rjappels mei hin en eartsjes iten.

Leave a Reply

avatar

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

  Subscribe  
Notify of