No, dat is ek wat, de Moanne hat in ferkearde ferzje pleatst fan Jan Folkerts syn artikel oer Jorwert. Eksuses binne al oanbean. Lykwols net sa snoad fan de redaksje.
Ik krige it berjocht dat Go-Gol wer online stean soe. Dat wy dat noch meimeitsje meie! Mar, by my wurket it net. Soene se de rekken net betelle hawwe? Oars mar subsydzje oanfreegje, by Jannewietske…
Wylst gûlt de wyn hjir om it gebouwekompleks en slacht de rein tsjin de ruten. Hjerst. Ik mei der wol oer. As it moarn mar wer oer is.
Haw dochs murken dat ik mei myn Toshiba T-1910 it bêste poëzij skreau. Dat dinkje hat fansels ek al hiel wat meimakke, faaks is der wat ynlutsen, ferskûlet de Muze har yn de prosessor.
Sil jûn wer stampot woartels en sipels ite.
Post a Comment