Hosper en Eijer moatte út de FNP set wurde

Myn trouwe freontsjes en freondintsjes hawwe it al murken: ik haw myn Facebook en Twitter wer aktivearre. Ik bin de ynformaasje dochs nedich. Ik haw wol regaad makke wat freonen en folgers oanbelanget, der binne in soad útmitere,

By Twitter haw ik sawat alle folgers ek fuorthelle dy’t anneks mei de FNP binne. Oanlieding is fansels it berjocht dat de FNP tenei ek it Hollânsk brûke wol. In idee fan ûnder oaren Ultsje Hosper, de foarsitter. Hjirûnder it berjocht (LC):

De FNP moet in de toekomst naast de Friese taal vaker Nederlands gebruiken om de kiezers te bereiken.

Prominente partijleden plaatsen dit voor de partij gevoelige punt op de agenda. Het Heerenveense gemeenteraadslid Ate Eijer zwengelt de discussie aan. Hij krijgt steun van partijvoorzitter Ultsje Hosper.

Het Fries kan voor mensen een barrière zijn, zegt Eijer. Als FNP’ers canvassen in wijken waar het Nederlands dominant is, is het soms beter gesprekken te openen in het Nederlands in plaats van het Fries.

Ik jou hjir as reaksje op: Ultsje Hosper moat sa gau as’t kin opstappe as foarsitter fan de FNP. It is in ferrieder, in draaikont. Sawol Hosper as Eijer moatte út de partij set wurde.

 

3
Leave a Reply

avatar
3 Comment threads
0 Thread replies
0 Followers
 
Most reacted comment
Hottest comment thread
3 Comment authors
KnillesJan JelleJohannes Beers Recent comment authors

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

  Subscribe  
Notify of
Jan Jelle
Guest
Jan Jelle

Zwak erg zwak, om mensen van de fnp uit je lijst te gooien. Getuigt van lafheid en niet de discussie durven aangaan. Lijkt me zinvol om deze eenzijdige en onnodige laffe acties niet verder te verspreiden. Getuigt dat je teveel vrije tijd hebt en besteed je tijd aan werk aub

Johannes Beers
Guest

Nee, Van der Wal, ik bin ’t net mei jo iens, jo tinke fierstente iendimensionaal. Dit is in strategyske boppeslach foar de FNP. Der wurdt hieltiid minder Frysk praat, dat fansels giet sokke malle wipwap der út. Folgjende stap is it nasjonalisme. Sels mei in deputearre yn it kolleezje is de ûnôfhinklikens fan Fryslân net in stap tichterby kommen. Wat dat oanbelanget soe de party likegoed yn Gelderlân aktyf wêze kinne. Dan de lêste stap: noch gjin 40% fan de minsken hat te stimmen west by de gemeenteriedsferkiezings fan Ljouwert. Fan alle stimgerjochtigden hat noch gjin 2.5% keazen foar de… Read more »