Stammerjende Moanne

No sa, ik haw him noch net út, mar ergerje my al wer behoarlik oan it it nije nûmer fan de Moanne. Haw it tydskrift hjir net foar my, dat it moat út it ûnthâld wei.

Wêrom fiif, seis siden fergrieme oan ien dy’t de omjouwing folspuitet mei amateuristyske, ôfgryslik ûnsjogge graffity? It mantsje Grond mient dat er hiel wat is, mar se soene him opslute moatte, de fersmoarger. En de Moanne mar propaganda meitsje. Skamje jim!

Aldergeloks stiet der ek in moai stik oer Theun de Vries yn, fan Wim Hazeu. En fierders is blykber by de redaksje en korrektor it geve en hiel gewoane wurdsje ‘stammerjen’ net bekend. Yn in petear mei in popmuzykmantsje hawwe se it hieltyd oer ‘stotterjen’. Modern, linich Frysk soms?

Sil moarn wer fierder lêze, faaks belunet dan it min sin.

Haw hinnepoatsjes, slaad en rjappeltsjes iten.

Leave a Reply

avatar

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

  Subscribe  
Notify of