Mingd nijs

Fannemoarn in ferhaal ynsprutsen foar de Ljouwerter ‘stadsproducers‘ Jacco de Boer en Daan Levy. Ik wie de earste! ik wit net hoefolle oaren hjir foar frege binne…

Yn elts gefal: it ferhaal komt op in kassetebantsje en sil op in ludike wize ferspraat wurde.

Nee, it wie my net ûntkommen: Abe de Vries wurdt einredakteur by it Friesch Dagblad. Ik winskje Abe in soad súkses en syn kollega’s in soad sterkte. It is oars al wat eigenaardich dat it Deiblêd minsken oannimt dy’t it email-geheim ferbrekke. It liket my ta, dat sjoernalisten oansprutsen wurde meie op harren yntegriteit.

Mar dat sil wol âlderwetsk fan my wêze. Of de direksje is net op ‘e hichte, dat kin ek fansels. Nee, ik sis neat.

Aansens brune beanesop, mei brea & spek.

Leave a Reply

avatar

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

  Subscribe  
Notify of