sirkwy.nl folslein mislearre

‘Sa’t yn augustus ferline jier fernijd waard, rjochtet de redaksje fan Sirkwy him by it ynfieren fan de boektitels earst op oarspronklik Frysk literêr proaza foar lêzers fan 12 jier en âlder – net omdat oarsoartich wurk gjin belang hat, mar omdat je in grutte lape wurk yn ôfbeakene stikken ôfwurkje moatte.’

Dat skriuwt de *kuch* literatuerbefoarderer op de folslein mislearre side Sirkwy.nl. Mislearre, ûnder oaren om’t in sljochtwei besiker der hielendal gjin wiis út wurde kin. Oppewal, want, ja, sa hjit dizze Baas fan alle Fryske skriuwers, besiket op dy selde side nochris út te lizzen hoe’t alles wurket. Bytsje let fansels… Ek is sirkwy.nl mislearre om’t der gjin trochferwizingen op steane. In deasûnde op it mêd fan websiden meitsje. En der sit ek gjin feed, of by need twitter as facebook op. Sa bliuwt sa’n side op in digitaal eilân stean, en stjert it in stadige dea.

Mar lit ik ris op it earste sitaat weromkomme. ‘… mar omdat je in grutte lape wurk yn ôfbeakene stikken ôfwurkje moatte.’, Dat is de (tige lette) replyk op de (myn) krityk dat ‘oarsoartich wurk’ as bygelyks poëzij net oan bod komt by de digitalisearring fan Fryske literatuer. Bollepoep, dy reaksje fansels. Je kinne it likegoed op jiertallen ôfbeakenje. Of op skriuwersnammen. Tresoar hat hjir in grutte flater makke, mar tajaan, ho mar.

Haw bamy makke en konsumearre.

1
Leave a Reply

avatar
1 Comment threads
0 Thread replies
0 Followers
 
Most reacted comment
Hottest comment thread
1 Comment authors
Grutte Pier Recent comment authors

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

  Subscribe  
Notify of
Grutte Pier
Guest

Tajaan is net Frysk, no.