Steven/Stefany Sterk

Dêr hawwe jo it wer: de Fryske skriuwer moat in sakeman/frou wurde. Him/har ôffreegje oft der wol in merk is foar syn/har boeken. Allegear lytse Steven/Stefany Sterkjes wurde alsa.

Dat hat Piter Boersma sein, ôfrûne wike by it Skriuwersboun. No sil ik dêr myn libbensdagen net mear ferskine, by dat steltsje weakdieren, dy Bûnsminsken bedoel ik dus.

It sit sa. Ik bin neist wat oare omballingen benammen dichter. Is der in merk foar poëzij? Nee. Is der in merk foar Fryske poëzij. Nee, nee, nee.

Is der überhaupt in merk foar Fryske LITERATUER? Nee…  Net mear…

Dat: moatte de dichters en oare skriuwers dy’t wat ‘heger’ gripe en ‘djipper’ dolle wolle mar ophâlde mei harren gepiel yn de marzje?

Dat freegje ik jo ôf.

Haw hin mei kûskûs en kerrystip iten.

1
Leave a Reply

avatar
1 Comment threads
0 Thread replies
0 Followers
 
Most reacted comment
Hottest comment thread
1 Comment authors
Grutte Pier Recent comment authors

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

  Subscribe  
Notify of
Grutte Pier
Guest

“And worse I may be yet: the worst is not
So long as we can say ‘This is the worst.”

― William Shakespeare, King Lear

(jo binne al wer aerdich opknapt, no)