Bloch fuorthelle

No seach ik ôfrûne nacht in hiel eigenaardich, nee, better sein, skandalich blochke delkommen yn myn feeds. Mar it oanbelangjende bloch wie, sa die bliken, yntusken alwer fuorthelle. Dat kin mar op ien blogger slaan, syn namme komt hjir geregeld del.

Ik haw de ynhâld kopiearre en op myn eigen bloch setten. Mar fannemoarn om sa’n 7 oere waard ik wekker en tocht: dat bloch moat fuort, dy ynhâld giet te fier om op it net te publisearjen. Sa haw ik dien.

De skriuwer hat psychyske problemen, safolle is wol dúdlik. Dêr hearre jo rekken mei te hâlden.

Yntusken hawwe in stik as 7 minsken myn fuorthelle blochke lêzen, en it is fansels ek noch wol yn de feed te finen, krektlyk as it oarspronklike stik.

Wy litte it mar sa en winskje de auteur betterskip. Ik mien it.

Jûn waarm iten. Mat wat?

1
Leave a Reply

avatar
1 Comment threads
0 Thread replies
0 Followers
 
Most reacted comment
Hottest comment thread
1 Comment authors
Grutte Pier Recent comment authors

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

  Subscribe  
Notify of
Grutte Pier
Guest

Ik haw dat fuorthelle blochke ek lêze, en ik bin it hielandal mei jim iens.

And the rest is silence, no.