Cornelis van der Wal

Frysk literêr weblog

Pieter Massenet

without comments

No sa, ensafh hat efkes fakânsje! Dat wol sizze, it nijs, de aginda en de blogfragminten wurde gewoan byhâlden. Of komme jo noait op dy side? Dan doge jo net.

In sterke Dwers fan Pieter de Groot oer de flapdrol Henk Keizer, de… ja, wat is it eins? Lês Piter syn stikje sels mar, yn de Ljouwerter Krante. Earder waard ek al op in oar plak tsjin Keizer fulminearre, mei rjocht.

Hie him al in jier lyn delladen, mar dêrnei fergetten: de opera Esclarmonde fan Jules Masssenet. Tige rike, prachtige muzyk. Wurdt net faak útfierd, fanwegen te dreech. Dat ik tref it, da’k in opname haw.

Stampot opwaarme.

YouTube Preview Image

Written by Knilles

June 25th, 2010 at 9:07 pm

Leave a Reply

Videos, Slideshows and Podcasts by Cincopa Wordpress Plugin