Nochris: nije side Tresoar

Dizze tweet krige ik fan Tresoar:

@Knilless Spitich datst’ ús webside net lije meist. Ferbettering neffens de âlde is dat ast’ foar Frysk keazen hast dat ûnthâlden wurdt.^AS

Dat is yndied in lytse foarútgong. It ynstruksjefilmke is oars allinnich mar yn it Hollânsk te riedplachtsjen. Ik ferstean spitigernôch gjin Hollânsk. https://www.youtube.com/watch?feature=player_embedded&v=mbxI__hVBrw

Tresoar is neffens my in (soarte fan) wittenskiplik ynstitút. By sa’n ynstelling passe neffens my gjin flitsende begjinskermen op de startside, dy’t hieltyd fan ynhâld feroarje. It is in fierstente ûnrêstige soarte fan diashow, dy’t boppedat fierstente grut fan formaat is, opdringerich dus. Dat selde jildt ek foar de oare ‘plaatsjes’. Hiene dy wat lytser west, dan paste der mear op in side. No is it klikklikklik ensfh.

Ien fan de grutste flaters is dat de katalogus tige min te finen is. Dy stiet by ‘links‘, krekt as soe de katalogus net by Tresoar hearre, mar by in eksterne side fan in oar ynstitút. De logika ûntgiet my.

En wêrom binne der gjin ‘feeds’ beskikber? Bygelyks om de aginda by te hâlden soe soks tige handich wêze. Foar my yn elts gefal al, as reachmaster fan ensafh. Ik wit wol dat der twitter en FB opstiet, mar om’t dêr by my in hiel soad oare ynformaasje troch ynkomt, is de kâns dat jo in berjocht misse grut. Grutter as mei in feed.

Litte wy it mar net te lang oer dy Persona’s’ hawwe, dêr krij ik it hiel benaud fan. Der binne 5 fan dy persona’s, Ellen, Douwe, Gerrit, Arjen en Wytze, ien dêrfan is dus in frou, de oaren man. Ek in bytsje nuver no?

De algehiele yndruk is, dat de side foar bejaarden ornearre liket te wêzen, dy’t foar it earst op ynternet omstrune, en op opsichtige, en, fyn ik sels, misledigjende wize by de hân nommen wurde.

Ik hie it graach oars sjoen, mar dit is myn oardiel, en dêr moatte jim it mei dwaan. En, jawis, dit wie eins in iepen sollisitaasje.

Jûn wer waarm iten.

 

1
Leave a Reply

avatar
1 Comment threads
0 Thread replies
0 Followers
 
Most reacted comment
Hottest comment thread
1 Comment authors
Grutte Pier Recent comment authors

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

  Subscribe  
Notify of
Grutte Pier
Guest

De side fan xxxxxx (sensuur) is ek neat, no.