Ja, it is wier, Tsead Bruinja, de nije kollumnist fan de Ljouwerter Krante, skriuwt syn kollum yn it Hollânsk. Myn fraach is: wêrom? Moat dat fan de krante, of is dit Tsead syn kar? Ik fyn it … Lit mar, myn stânpunt is bekend.
En, hiel wat oars, kin de gemeente Ljouwert dizze poëzijtegel fan Albertina Soepboer ek ris reparearje? It is in grof skandaal.
En hjirûnder in ympresje fan myn nije wurkkeamer. Boeken op de balken!
Ik sjoch gjin ferskil tusken bargedutsk, bargefrysk en bargenederlânsk – it is geskikt foar de LC, want oars hiene se it net opnommen.
Ik woe eins allinnich mar yn it bargedútsk skriuwe, mar dat mocht net.