Cornelis van der Wal

Sfear te snijen by redaksje NDC

Dit komt út tige betroubere boarne, mar ik kin gjin nammen neame, dat begripe jo grif.

De sfear op de redaksje fan de NDC Mediagroep is neffens dizze boarne striemin.

Grinzers en Drinten nimme de baantsjes oer fan de Friezen en stelle har tige heechhertich en arrogant op tsjin de oarspronklike redaksjeleden fan de Ljouwerter krante.

Dy domme Friezen, skine se te tinken. As dit sa trochgiet dan komt it op de kop ferkeard, sa fersekere dizze ynformant.

Ik haw ek murken dat der gjin besprekken fan Fryske boeken yn de Freedsbylage mear steane. Is dat tafal en komt it noch, of is it belied?

Jûn waarm iten


Posted

yn

troch

Reakce

Ien reaksje op “Sfear te snijen by redaksje NDC”

  1. josse de haan Avatar
    josse de haan

    De kwaliteit fan it Frysk sjoernaille is min oant striemin – freontsjespolityk wurket oant it knapt.
    Ik begryp de Grinzers en de Drinten (as it wier is watsto skriuwst). Se hâlde net fan de arrogânsje fan de macht.
    In sjoernalist moat kritysk wêze, en gjin slikker fan de machthawwers, lykas Sietse de Vries en konsorten.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.