De ûndraachlike ynfloed fan Knilles

Witte jo it noch? In skoftke lyn stjoerde ik in mail oan Omrop Fryslân, mei dizze ynhâld:

Bêste buro de Vries.
Omrop Fryslân is in Frysktalige Omrop. En dêrom besprekt de lêsklup frijwol nea in Frysktalich boek. Logika, neame se soks.
fr gr

Cornelis van der Wal

No sa, dat hat holpen, want de earste de bêste kear dat de lêsklup wer byinoar kaam waard der in Frysktalich boek besprutsen. En sterker noch: ek de oare kear, nei de fakânsje sil in Frysktalige publikaasje ûnder de lûp lein wurde.  Karen Bies seit yn it begjin fan de útstjoering dat der hast gjin nije Fryske boeken útkommen binne. It is yndied frijwat sunich

Tsja, en dan it ‘besprek’ sels, fan Hidde Boersma syn ‘fol tuch de mist yn.’ Hylke Tromp is diskear net iens haatdragend, it mei in wûnder hjitte. Djiptepunt is wer Nynke de Jong. It Vivafamke hat der, lykas altyd, wer neat fan begepen.

Hjir te beharkjen!

Aanst bakte krieltsjes mei slaad en hin. Mooglik in pear gleskes rosé.

2
Leave a Reply

avatar
2 Comment threads
0 Thread replies
0 Followers
 
Most reacted comment
Hottest comment thread
2 Comment authors
KnillesFroukje Recent comment authors

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

  Subscribe  
Notify of
Knilles
Guest

Ach, ja, dy Nynke. It is faaks better hjiroer te swijen…

Froukje
Guest

Hey Cornelis, kinst ek beargumintearje wêrom’t Vivafamke Nynke der gjin sek fan begrepen hat? Ik lês har kollums al in tal jierren (heimlik…Nynke mochtest dit lêze: keep up the good work!!!) en ik fyn har bydragen altiten té gek 🙂 Hearlike styl!

Nynke hat fansels ris in kollum skreaun yn de Moanne oer it Boekebal….is dat de reden dat se gjin inkele kâns mear krijt?

Op antwurd wachtsjen ferbliuw ik 😉

Gr. Froukje