Tresoar en NHL: boycott Kening Kees

No, dat liket mar moai, 32 Fryske boeken op Lezen voor de Lijst. De fraach is fansels: hokker boeken hawwe de hearen/dames útsocht? Kening Kees stiet der fansels net by, dat is in anty-autoritêr boek, en dat kinne wy de skoalberntsjes net oandwaan.

Bin alsa tige benijd nei de list fan titels. Hawwe Baas Teake en syn trawanten bygelyks ek in Josse de Haan útkeazen? It sil’t wol net, want Teake is in wraaksuchtige Teake. Kritikasters wurde lang om let ôfstraft.

Of stiet Josse der al by? Kom der mar yn Josse!

Jûn makaroany opwaarmje.

Comments 2