Taalpizza

Der binne de lêste moannen twa leptopkes ferstoarn, hiele âlde bistkes. Nee, de Toshiba t1910 docht it noch! Aldergeloks haw ik wol myn dokuminten bewarre… Dat soe oars in ramp foar de Fryske Literatuer wêze, no!

In twaddehâns dinkje kocht mei Windows 7 der op. Dat gie fierstente stadich, dat Xubuntu der opsetten, mei yn in Virtual Box Windows 2000, mei Word en de Fryske Taalhelp.

Ideaal sa! Feilich ynternette (foarsafier dat bestiet) ûnder Linux en dochs de âlde fertroude programma’s brûke.

En no mar hoopje dat se de stavering net feroarje, oars kin’k dy Taalhelp ek wol fuortsmite.

Pizza iten.

Post a Comment

Your email is never published nor shared. Required fields are marked *