Provinsje jout doelbewust deastek oan it skreaune (literêre) Frysk

Lês dit:

De in het Fries geschreven media Froeks-tv, Moanne, Ensfh/Farsk en de Afûk-uitgaven Heit en Mem dreigen in de gevarenzone te belanden. De provincie Friesland wil stevig bezuinigen. Volgens provincie-ambtenaar Tjerk Bottema zijn de gesubsidieerde Friese media ‘onderwerp van discussie.’ Er wordt rekening gehouden met het terugschroeven van het budget van 430.000 euro naar 130.000 euro.

De taalnota geldt voor een periode van 2008 tot 2011. Hiervoor is een gelijksoortig bedrag beschikbaar: 450.000 euro per jaar. Voor de geschreven media was daarnaast in de periode 2007 tot 2010 per jaar 430.000 euro gereserveerd. Volgens Bottema wordt dit laatste bedag nu tegen het licht gehouden. (Liwwadders.nl)

En dit stie op myn eigen lochke: (bewurke)

“Mar sa’n Loeks fynt dat in grut feest wurdich, want de man, dêr komt it op del, hatet de Fryske taal. Dat lykwols in, miende ik altyd, Frysksinnich man as Bartle Muller efter sa’n fint oanrint, kin ik mei myn ferstân net by. Oan de oare kant, trochtinkend, alles falt no op syn plak, want is Muller – en syn foargonger, de gefreesde frou Steenburg fansels ek – ommers eins net ferantwurdlik foar in nije delgong fan it skreaune Frysk, mei’t er in folslein Frysktalich tydskrift, mei in 4000 abo’s, jawis, ik bedoel fansels Fris & Fleurich, de nekke omdraaid hat? It ophâlden mei subsidiearjen fan F & F kin ik ek net oars sjen as in genipige foarm fan sensuer, it blêd hie nammentlik wolris skerpe krityk op de Fryske bestjoerders. As jo it goed besjogge, dan binne krekt dizze deputearren de grutste fijannen fan in Frysk Fryslân. Se passe alhiel yn it Albrecht-Loeks-patroan. Wolven, ferklaaid as yn it Frysk bekjeflaaiende skiep. Fuort mei dy man! Muller mut fut! Fuort mei de ferrieders!”

In sitaat út myn Kening Kees, noch altyd te keap. Mar dêr giet it no efkes net om. (No ja…). De trend wurdt gewoan fuortsetten. De provinsje Fryslân is de (skreaune, literêre) Fryske taal oan it fermoardzjen. En docht soks doelbewust, mei opset sin.

Spui

Leave a Reply

avatar

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

  Subscribe  
Notify of