Grinzer propaganda yn de LC

Jim witte it faaks noch wol: ik haw myn abo op de Ljouwerter Krante opsein. Op 1 July is it oer. De reden is it ferlies fan it Fryske karakter fan de krante. Neffens my wurde der gjin Frysktalige boeken mear besprutsen, alteast net yn de Freedsbylage.

noorden

En ôfrûne sneon hiene wy wer in foarbyld fan de Grinzer ynfloed: in grut artikel oer ûndernimmers yn de Martiniplaza. De Grinzers wolle mei alle geweld it begryp ‘Het Noorden’ by de Fryske krantlêzers der ynstampe. En dat Fryslân dêr dus byheart. Opmaat foar in grutte provinsje ‘Het Noorden’, mei fansels Grins as haadstêd.

Ik wol mei sokke propaganda neat te krijen hawwe.

Juster pasta iten.

0 0 vote
Article Rating
Subscribe
Notify of
guest

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

2 Comments
Inline Feedbacks
View all comments
Grutte Pier
6 years ago

Dan mar De Telegraaf, no.

hanneke
6 years ago

Bin it folslein mei dy iens. Berneboeken itselde mar dat wie al noait in soad. Litte se de bijlage mar Vrijdag neame.