Harns: literêre fytstocht

Hjoed haw ik wer ris in eintsje te fytsen west: nei it strân fan Harns. Ik trof it net net, want it wetter stie tige leech en de loft beluts. It wie der mar in dridzige bedoening, dat mar gau werom nei Ljouwert.

foto (89)

Underweis kaam ik Beart Oosterhaven tsjin, de dichter, muzykman en noch folle mear. Dat it waard dochs noch in literêre fytstocht. It wie tichtby it ûndersteande doarpke, dêr’t ik de namme net mear fan wit. Beart sei ‘Goeie’. Ik sei ‘Beart.’

foto (90)

Dat sa.

Bakje iten opwaarme.

 

3
Leave a Reply

avatar
3 Comment threads
0 Thread replies
0 Followers
 
Most reacted comment
Hottest comment thread
3 Comment authors
KnillesBeart OosterhavenGrutte Pier Recent comment authors

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

  Subscribe  
Notify of
Beart Oosterhaven
Guest

Hoi Cornelis, Dat wie foar my yndied ûnferwachte: do, fytsend op it Baaiumerdykje, sa fier fan ‘e Ljouwerter grêftegurdle. Dêrom dus dat ‘Goeie’ en net mear. Ik wie ûnderweis fan myn wurk op ‘e Akademy te Ljouwert nei myn hobbyboerespul yn ‘e Wjelsriper Polder. Myn holle siet op dat stuit fol mei de muzyk fan Jack Bottleneck (= Johan Venema fan Rinsumageast, googleje him mar ris). It is nammentlik sa, dat Fryslân foar ‘t earst sûnt Shakey Sam (1950-1981) wer in treflike bluessjonger fan ynternasjonaal nivo hat. Fytsenderwize siet ik te prakkesearjen oer hoe’t Jack oan mear Frysktalich lietmateriaal holpen… Read more »

Grutte Pier
Guest

Dat is Tzum, no.