Don Quichot yn mini diminsjes

Justerjûn wie ik efkes by Poetry International. Ik seach, lies en hearde ûnder oaren in hiel sterk optreden fan Charl-Pierre Naudé. Hy begjint mei in byld, makket dêr in ferhaal fan dat hieltyd fierder yn de breedte en hichte giet, oant it yn oare diminsjes telâne komt. Of soksawat. Ik sil syn wurk oanskaffe. Tige sterk.

Ja, sa seach jo eigen Knilles der juster út, kreas no!

10411887_910667502292276_4841440738852275134_n

foto: Dinie Postma.

Dêrnei wie de útrikking fan de Cees Buddingh-priis. Ik wie bepaald net ûnder de yndruk. No’t wy it dochs oer diminsjes hawwe: by de fjouwer nominearren wie der mar sprake fan ien diminsje. De gedichten binne allegear sa plat as in dûbeltsje. Nim dêrby de tige knoffelige organisaasje en presintaasje fan dit barren, dan is wol dúdlik dat ik it eins in ôfgong fûn.

Lykwols: de seal siet al fol! Mei benammen jongfolk. Kom dêr ris om by de Fryske debútpriis!

Nee, minsken, it komt sa net goed mei de Fryske literatuer. Sels Abe de Vries, ús Don Quichot yn mini formaat, skriuwt allinnich noch mar yn it Hollânsk. Sterker noch: hy neamt it Frysk ‘die rare Friese taal‘. It moat net mâlder wurde! Giet it wol goed mei Abe?

Haw in Big Mac iten

1
Leave a Reply

avatar
1 Comment threads
0 Thread replies
0 Followers
 
Most reacted comment
Hottest comment thread
1 Comment authors
Grutte Pier Recent comment authors

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

  Subscribe  
Notify of
Grutte Pier
Guest

The windmills on his mind, no.