Hotsum: where art thou?

Om mar wer ris in tear en sear punt oan te reitsjen en mar wer ris op in oantal al as net krûme teannen te stean: wer bliuwe dy útjeften fan HotSum eins? Mei ik dat freegje? Ja, dat mei ik freegje.

It like sa moai: in nije útjouwerij foar Fryske poëzij en essays, mar it is nei alle gedachten ien grutte bûltsjeblazerij. Der binne yn 2013 twa dichtbondels útbrocht, mar hoe sit it mei dy taseine essays? Wa sil se skriuwe? Wannear komme se út? En wêrom hat HotSum noch gjin eigen side? Sjoch ek myn eardere berjocht

Eins ek eigenaardich dat Tresoar yn see gien is mei sa’n op driuwsân basearre útjouwerij. De Vries hat al earder in útjouwerij yn de ôfgrûn treaun en wat de Contrabas oanbelanget… Lês hjir mar… It doocht dêr lang net, yn Utert.

Mar faaks falt it ta! Kom der mar yn HotSum! Hoe geane de saken?

Wy hawwe swarma mei krieltsjes en griente iten.

0 0 vote
Article Rating
Subscribe
Notify of
guest

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

1 Comment
Inline Feedbacks
View all comments
Grutte Pier
6 years ago

It aapke is accident-prone, no.