Lju dy’t my op Facebook as freon hawwe, dy wisten it al: ik haw in pear dagen yn Lissabon west. In hiele belibbenis, mar eins fierstente te koart. Ik sil jim net wurch meitsje mei saaie fakânsjefoto’s, op in pear nei. O ja, ik haw ek foar it earst flein, mar dat stelde it measte net foar. Ik siet moai foar it rútsje. Wolkens, ik mei der graach oer.
Yn it hûs dêr’t Fernando Pessoa syn lêste 15 jier trochbrocht hat, is in lyts museum ynrjochte. Pessoa wie, krekt as jo beskieden tsjinner, dwaande mei de astrology. As jo it hûs ynkomme, dan steane jo daliks al op syn horoskoop dy’t yn de flier útbeitele is. Of skildere, kin ek.

Dizze komt fan it net
Understeande foto’s binne fan my.
Comments 1