‘Hoi’ seit de hin

Ik wie juster efkes yn Tresoar, boeken ynleverje en liene, jo kenne it wol. Nim ik oan alteast.

Efkes yn de katalogus omstrúnd, ja, yndied, de katalogus dy’t sa goed ferstoppe is op de nije side fan Tresoar. En mei klachten hjiroer wurdt neat dien. No, hy stiet hjir dus. Mar hawar, ik seach ek efkes by myn eigen publikaasjes en artikelen oer en fan Knilles. Ik bedarre by in tweintich jier âld filmke fan de Omrop, makke troch Geart de Vries. It is spitigernôch allinnich yn Tresoar sels te sjen. In moai bosk donker hier hie’k doe noch! En de brainmachine, dat hat doe wol yndruk op de sjoggers makke, ik krige der in soad kommentaar op. Ik haw him noch, en ek in nijen-ien. Moai guod is dat, ik sil him meikoarten wer ris opsette.

Doe’t ik efkes letter wer op strjitte rûn, seach ik yn ‘e fierte… yndied Geart de Vries rinnen. Hy rôp fan: ‘Alles goed?’. Ik stuts de tomme op, want it giet treflik mei jo topdichter.

Letter dy middei fytse ik nei de Mediamerk doe’t ik Elske Schotanus tsjinkaam, ek op de fyts. Se sei ‘Hoi’. Myn antwurd wie: https://www.youtube.com/watch?v=FaET4fKUq7I. Ommers, in oare reaksje fertsjinnet dizze ‘mefrou’ net.

En sa wie it dochs wer in *kuch* literêre fytstocht.

Wy hawwe pasta mei hin en kerrysaus iten.

Comments 1