Tromp mei fakaansje

Moaie resinsje, jawis, alwer in Frysk boek besprutsen yn de Ljouwerter. Dat komt faaks om’t de kollum fan Pieter de Groot der net ynstiet om’t er mei fakaansje is. Ja fakaansje, sa stiet it it ôfprinte. Sa stie it der ferline wike ek al yn. Wie tink noch net ien opfallen.

Wêr haw ik it oer. Ah! Oer it besprek fan wat Hylke Tromp syn Magnum Opus wêze moatten hie: Noah. It boek wurdt frijwat ôfkreake troch Doeke Sijens en de skriuwer frijwat bespotlik makke. Mar dat komt fansels om’t Tromp ek in frijwat bespotlik persoan is.

Jierrenlang hat er kursus jûn oan begjnnende skriuwers, en no docht bliken dat er sels net skriuwe kin. In hiele generaasje nije skriuwers is alsa ferpest troch ien aaklik en pedant keardeltsje.

Sijens beslút syn resinsje sa: ‘Wylst de skriuwer de dramatyske mooglik-
heden fan it stik fan Van den Vondel (oer it tige aktuele tema fan klimaatferoaringen)
tige betûft ynset, stûket syn oanpak by de haadpersoan. Wat de man meimakke hat is
net mislik mar hy komt net fierder as selsbeklach. Alle skuld leit by in oar. In Noah, dy’t moedich tsjin de mannichte yngiet, is er net. De lêzer kin it de wrâldske ferdommelingen dan ek tige meistimme at dy him taroppe: ‘Hoe no, âld baas? Is it gestin no noch net oer?’

Wy haww in rjappelskoattel iten. Wit net rjocht oft dat wol geef Frysk is, mar it smakke bêst.

0 0 vote
Article Rating
Subscribe
Notify of
guest

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

4 Comments
Inline Feedbacks
View all comments
josse de haan
josse de haan
7 years ago

Yn Fryslân is it altyd remise – yn de kosmyske wrâlden giet it net om winnen, mar om wraak op wraak op wraak. Dat is heel wat oars as de Roomske wrâlden fan Reve en dines.

Grutte Pier
7 years ago

Nei de ferlenging fojgje de strafskoppen, no.

josse de haan
josse de haan
7 years ago

Tromp beskuldige Trinus R. fan literêre karaktermoard op syn sweager Tjitte Piebenga (yn de ynlieding op syn sammele wurk).
No hat er sels 50 jier dwaande west mei in roman – en wat bart? In literêre karaktermoard op Tromp troch de omkesizzer fan Trinus R. Itselde wat Tromp sels die yn 1993 mei Josse de H. It liket wol wat op it WK yn Brasilia. De Fryske literatuer is folwoeksen.

sCoatl
sCoatl
7 years ago

is a Nahuatl word meaning “serpent” or “twin”.