Kulturele Kibbeling

Niiskrekt in bakje bamy, in stokje saté en in grutte lûmpia iten, by Lekker Sneek. Hearlik mefrou, jo witte net wat jo misse. Ja, ik bedoel jo dêr, efter dat byldskerm, mei dat briltsje op. Ja, yndied, josels. Ja, ik sjoch alles, no.

Gesellich dêr nammers. As ik aanst wer sin oan wat haw, dan bin ik der samar. Ja, dus krekt in jier yn Snits. Sa’t it no liket hoech ik hjir net wer wei. Kin hjir ek hiel goed skriuwe, dat wol sizze… dêr bedoel ik de ynhâld net sa sear mei. Dat moatte oaren mar bepale. Mar earst iksels, fansels.

Heden, it waard tiid: in side tsjin de Kulturele Haadstêd fan Jannewietske en konsorten. Noch in bytsje suterich, kwa oanklaaïng, mar wat jout dat, it giet om it boadskip en dêr bin ik it hielendal mei iens.

Sil jûn kibbeling ite mei rjappelpomp en woarteltsjes.

Leave a Reply

avatar

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

  Subscribe  
Notify of